Kursus 'Skriuw dyn eigen IENAKTER'

Amateurkunst Theater Cursus
Datum start moandei 21 septimber 2026
Tijd 19:00
Locatie Tryater, Ljouwert
Voor wie belanghawwers
Prijs € 225.00

Bisto gek fan tekst, toaniel en sitsto fol mei ferhalen dy’t eins op papier komme moatte? Dan is de toanielskriuwkursus fan Keunstwurk yn gearwurking mei St.U.F.T, Tryater en Tresoar krekt wat foar dy! Tidens dizze toanielskriuwkursus learst, ûnder lieding fan toanielskriuwer Wessel de Vries, yn 6 lessen dyn eigen ienakter te skriuwen.

Wat hâld it yn?

Yn’e 6 lessen (3 live en 3 online) learsto stapke-foar-stapke in ienakter te skriuwen, bygelyks; hoe bouwe je it ferhaal op, wat is in motoarysk momint, hoe kom ik ta in ein?

Tusken de lessen yn sille in oantal wiken sitte, dêr’tst yn wurkje kinst oan dyn stik en ’tips & tricks’ út’e kursus en oan’e ein fan’e 6 lessen leit der dan dyn eigen ienakter!

In earste publikaasje?

Fryslân stiet te springen om nij repertoire. Dus ast wolst kinst it skreaune stik foarlizze oan St.U.F.T (Stifting útjouwerij Frysk Toaniel). Sy jouwe jierliks ferskate ienakters út en sykje altyd nij talint! It stik sil dan yn it Frysk útjoon wurde (orginiel of oerset)

Opjaan?

Bist hjir no nijsgjirrich én enthousiast oer? Dan kinst dy opjaan foar dizze toanielskriuwkursus. Om eltse dielnimmer foldwaande persoanlike oandacht jaan te kinnen, hâlde wy us oan in maksimum oantal dielnimmers. Jou dy op foar 17 augustus!

Dosint

Wessel de Vries (1994) is toanielskriuwer en filmsenarist. As toanielskriuwer wurket er in soad yn Fryslân (Tryater, Meeuw Jonge Theatermakers, Skoft & Skiep), mar ek dêr bûten (KASKO / Kameroperahuis, Theater Sonnevanck). Films skriuwt er benammen yn opdracht fan syn eigen filmkollektyf Natte Haring wêrmei’t er de films ‘Het Grandioze Falen’ en it bekroande ‘Trije minsken fine in auto’ makke.

De teksten dy’t Wessel skriuwt wurde karakterisearre troch humor en fantasy en behannelje de meast útienrinnende ûnderwerpen. Sa skreau er ûnder oare oer trije bruorren dy’t it hûs net mear út doare (Schiettent, 2016), syn favorite fuotbalklup (Het Heilige Hert van Cambuur, 2018) en oer campingbewenners dy’t op syk binne nei it paradys (Part time Paradise, 2019). Foar KASKO ûntwikkele Wessel in tekst oer it ferjeien fan demoanen op in grizelich tsjerkhôf (De Klok en it Famke, 2018).

Keunstwurk organisearret dizze toanielskriuwkursus yn gearwurking mei St.U.F.T., Tresoar en Tryater.

Praktysk

Foar wa belanghawwers
Lessen data, tiden, lokaasje
Les 1 21 sep – 19:00-22:00 | Tryater
Les 2 28 sep – 19:00-21:00 | online
Les 3 19 okt – 19:00-21:00 | online
Les 4 9 nov – 19:00-22:00 | Tryater
Les 5 7 des – 19:00-21:00 | online
Les 6 11 jan – 19:00-22:00 | Tryater
Lokaasje Tryater, Oostersingel 70, Ljouwert.
Dosint Wessel de Vries
Taal De fiertaal is sa folle mooglik frysk en wy besykje dat ek by it skriuwen te brûken, Nederlansk is de útsondering
Kosten Wy freegje dy om in eigen bydrage fan € 225,- (inkl. btw)
Opjaan Meld dy oan fia de oanmeldknop. Dat kin oant en mei 16 augustus 2026

Kontakt

Hast fragen? Nim kontakt op mei: