Moetingsjûn Teäter gemeente Heerenveen

Amateurkunst Theater Activiteit
Datum moandei 26 oktober 2026
Tijd 19:30 o/m 22:00
Locatie De Kompenije yn Jubbega
Voor wie Toanielferienings yn de gemeente Heerenveen
Prijs Gratis

Foar toanielferieningen yn de gemeente Heerenveen

Tidens de moetingsjun komme ferskate bestjoeren fan toanielferienings út jo omjouwing byinoar. De moetingsjûn stiet folslein yn it ramt fan moetsjen en jo eigen netwurk fersterkje. Meitsje kennis mei ferienings ut jo omjouwing, Jeannet Venema,  regisseur cultuur & Frysk van gemeente Heerenveen, en Keunstwurk. Want hoe op’e hichte binne jo fan de oare ferienings yn de gemeente en wat kinne jimme foarinoar betsjutte? Wêr ha jo ferlet fan en hoe dogge oaren dat eins?

Wat sille we dwaan?

Troch middel fan ynteraktive petearfoarmen út DWAAN, ûntwikkele troch Rozemarijn Strubbe en Anne Graswinckel, geane wy mei-inoar yn petear.
Fragen as: “Wit ûs publyk de feriening goed te finen?”, “Hoe stiet it mei ús ledetal?”, “Binne wy op’e hichte fan alle plakken dêr’t wy subsydzjes oan freegje kinne?” komme op dizze jûn foarby.
Mei help fan dy petearfoarmen besykje wy efter jimme eigen ûntwikkelwinsk te kommen

Wat kinne jo ferwachtsje?

  • Jo krije ynsjoch yn jo eigen feriening
  • Komme yn kontakt mei oare bestjoeren 
  • Bypraat wurde oer it gemeentelik belied

Keukentafelpetear 

Mocht jo feriening fêst rinne mei it ien of oar, kinne wy nei ôfrin ek noch altyd in ‘keukentafelpetear’ ynplanne, foar advies op maat. Wy sjogge dan tegearre nei in plan fan oanpak dy’t spesifyk rjochte is op jimme ûntwikkelwinsk. kinne jo mei harren ynplanne op de jûn sels.

Komme jimme ek?

Meld jo hjir oan; dat kin oant moandei 19 oktober 2026.

Praktyske gegevens

Foar wa toanielferieningen yn de gemeente Heerenveen
Datum moandei 26 oktober 2026
Tiid 19:30 o/m 22:00
Lokaasje De Kompenije, Ericalaan 24-A, 8411 VK, Jubbega
Petearlieders Jelke Rijpma en Gerwin de Vries | kultuerferbiners teäter | Keunstwurk
Gast Jeannet Venema,  Regisseur Cultuur & Frysk van gemeente Heerenveen
Kosten Fergees; koffie/thee en in lytse borrel oan’e ein
Oanmelde Meld jo oan fia de oanmeldknop hjir boppe; dat kin oant moandei 19 oktober 2026.

Kontakt

Foar fragen nim kontakt op mei: