Foar toanielferieningen yn de gemeente Fryske Marren
Tidens de moetingsjun komme ferskate bestjoeren fan toanielferienings út jo omjouwing byinoar. De moetingsjûn stiet folslein yn it ramt fan moetsjen en jo eigen netwurk fersterkje. Meitsje kennis mei ferienings ut jo omjouwing, de beliedsmeiwurker kultuer fan gemeente Fryke Marren en Keunstwurk. Want hoe op’e hichte binne jo fan de oare ferienings yn de gemeente en wat kinne jimme foarinoar betsjutte? Wêr ha jo ferlet fan en hoe dogge oaren dat eins?
Wat sille we dwaan?
Troch middel fan ynteraktive petearfoarmen út DWAAN, ûntwikkele troch Rozemarijn Strubbe en Anne Graswinckel, geane wy mei-inoar yn petear.
Fragen as: “Wit ûs publyk de feriening goed te finen?”, “Hoe stiet it mei ús ledetal?”, “Binne wy op’e hichte fan alle plakken dêr’t wy subsydzjes oan freegje kinne?” komme op dizze jûn foarby.
Mei help fan dy petearfoarmen besykje wy efter jimme eigen ûntwikkelwinsk te kommen
Wat kinne jo ferwachtsje?
- Jo krije ynsjoch yn jo eigen feriening
- Komme yn kontakt mei oare bestjoeren
- Bypraat wurde oer it gemeentelik belied
Keukentafelpetear
Mocht jo feriening fêst rinne mei it ien of oar, kinne wy nei ôfrin ek noch altyd in ‘keukentafelpetear’ ynplanne, foar advies op maat. Wy sjogge dan tegearre nei in plan fan oanpak dy’t spesifyk rjochte is op jimme ûntwikkelwinsk. kinne jo mei harren ynplanne op de jûn sels.
Komme jimme ek?
Meld jo hjir oan; dat kin oant moandei 9 november 2026.