Jierlikse gearkomste bestjoeren iepenloftspullen 2024

Amateurkunst Theater Activiteit
Datum woansdei 31 jannewaris 2024
Tijd 18.00-22.00
Locatie De Pleats yn Burgum
Voor wie Iepenloftspul-bestjoer
Prijs Gratis

Alle jierren hâlde Keunstwurk, Iepen DoEk en de bestjoeren fan alle iepenloftspullen yn Fryslân in netwurkgearkomste by de start fan it nije iepenloftspulseizoen. Op dizze jûn diele wy mei-inoar ús plannen, netwurkje wy en sille wy op syk nei ferbining en ynspiraasje.

De jûn is bedoeld foar bestjoeren fan iepenloftspullen dy’t dit jier wol spylje, net spylje, neitinke oer in iepenloftspul, ensfh. De krêft sit him deryn dat alle ferskate – nije en âlde – iepenloftspullen byinoar binne, de ferbining mei-inoar sykje en mei-inoar ‘tsjille’ .

De earstfolgjende gearkomste fan de iepenloftspulbestjoeren sil dit jier plakfine op woansdei 31 jannewaris 2024 by it Iepenloftspul fan Burgum, dat dit jier Kening & Kening spylje sil. Ek út namme fan harren:

wês wolkom op woansdeitejûn 31 jannewaris 2024 yn Burgum!

Lokaasje
De Pleats, Schoolstraat 82, 9251 ED Burgum

Programma

18:00 (ynrin 17:30) – 19:00:
Ynformeel ite mei-inoar + as live-tuskengerjocht in spesjaal skreaune kolumn fan en troch in spesjale gast.

19:00 – 21:30:
Algemiene sels gearstalde gearkomste troch de iepenloftspullen, Keunstwurk en Iepen DoEk. Mei û.o. in lytse presentaasje fan it Iepenloftspul Burgum, in nijsgjirrige sprekker oer in spesifyk ûnderwerp (mail fragen, ûnderwerpen om te bepraten of tips foaral nei r.draaijer@keunstwurk.nl, dan nimme wy dat mei!).

21:30 – 22:00:
Ynformele borrel.

Opjaan

Wolst dy opjaan as (nij) iepenloftspul-bestjoer? Stjoer dan in mail nei cultuurverbinder Romke Gabe Draaijer; r.draaijer@keunstwurk.nl en beantwurdzje yn elts gefal de folgjende fragen:

A: Fan hokker iepenloftspul binne jimme?
B: Mei hoefolle persoanen komme jimme?
C: Ite jimme mei of slute jimme fan 19:00 ôf oan?
D: Binne der dieetwinsken?

Wês wolkom en oant sjen yn Burgum op woansdei 31 jannewaris yn De Pleats!

Romke Gabe Draaijer
Cultuurverbinder Theater & Dans – Keunstwurk

Kontakt

Hast fragen? Nim kontakt op mei: