06 juni 2024

Keunstwurk en St.U.F.T. ferienigje harren krêften

Amateurkunst Theater Nieuws
Tekst: Emma van Schuppen

Wy hawwe grut nijs! Mei grutskens litte wy jimme witte dat de Stifting Utjouwerij Frysk Toaniel, ek wol St.U.F.T., ferhúzje sil nei Keunstwurk!

Keunstwurk en St.U.F.T. ferienigje harren krêften en sille tegearre wurkje oan in mienskiplik doel: it stypjen en stimulearjen fan it Frysk amateurtoaniel. Beide organisaasjes diele net allinnich in fyzje en doelen, mar it stribjen nei effisjinsje en ferbining is ek fan grut belang.

De foarried fan St.U.F.T. leit op it stuit ferspraat oer meardere lokaasjes, en troch alles te ferpleatsen nei ien lokaasje kinne wy jimme oanfragen yn ’e takomst effisjinter ferwurkje. En dat net allinnich, Keunstwurk krijt der ek in moaie lêshoeke by. Dat betsjut dat jimme rêstich tegearre – of allinnich – de beskikbere Fryske toanielstikken lêze kinne en sa in stik kieze kinne foar de folgjende foarstelling fan jimme feriening.

Dizze feroaring fynt benammen efter de skermen plak, mar it is fansels wol in feroaring dêr’t wy jimme graach oer op ’e hichte hâlde wolle. Jimme hearre meikoarten mear oer it tiidpaad fan dizze ferhuzing en wannear’t wy jimme wolkom hjitte kinne yn de nije Keunstwurk-St.U.F.T. lêshoeke.

UPDATE
Juli 2024

De ferhuzing fan St.U.F.T. nei Keunstwurk is in feit!

Der binne 161 Fryske toanielstikken ferhuze en de kommende weken stean yn it teken fan it oersichtlik meitsjen fan dizze foarried. Dan kinne we jim straks op effisjinte wize de oanfraach ferwurkje en jim foarsjen fan de leukste Fryske toanielstikken! 

Fragen oer de ferhuzing?

Foar Keunstwurk                               Foar St.U.F.T.

Emma van Schuppen                         Gerda van der Wijk

e.vanschuppen@keunstwurk.nl        gerda.vanderwijk@afuk.nl