22 juni 2024

Sint Radbodus út Dronryp wint SjONG junior 2024

Educatie PO Nieuws
Foto: Yanick Stuurman

Nei in spannende finale is de Sint Radbodus út Dronryp de winner fan SjONG junior 2024 wurden. De skoalle giet der mei de earste priis fan troch. Se wûnen mei it ferske ‘Bûsjild’. De sjuery wie tige te sprekken oer it optreden fan de skoalle. “De bern fan de Sint Radbodus út Dronryp songen echt mei-inoar. Sy wienen it komplete filtsende plaatsje.”


Profesjonele sjuery

De finale waard freedtejûn 21 juny holden yn De Lawei yn Drachten. Acht skoallen út hiel Fryslân hawwe optreden foar de profesjonele sjuery dy’t bestie út: Jitske Draijer, Jesse van Wieren en Maaike Kampen. De presintaasje fan de finale wie yn hannen fan Raynaud Ritsma. De winnende skoalle gie, neist de earste priis, nei hûs mei de wikselbokaal: de ‘Karin de Jong-priis’.


Twadde en tredde priis


Twadde is wurden De Twiner út Sint Jabik. Ek hjiroer wie de sjuery bot te sprekken: “It wie sa leuk om te sjen hoe’t de kwaliteiten fan eltsenien brûkt waarden. En wat in knappe timing, dat je dat op sa’n leeftiid al kinne is echt oergryslik knap.”

De Dr. J. Botkeskoalle út Damwâld gie mei de tredde priis nei hûs. “Moaie bewegings yn kombinaasje mei de tekst. Prachtige sjonggroepkes en ek noch mearstimmich sjonge, dat istige knap”, wienen de wurden fan de sjuery.

Promopriis


Ek dit jier wier der wer in promopriis te winnen. De skoallen moasten hjirfoar harren eigen ferske sa goed mogelik promoatsje. In soad skoallen hawwe hjir bot har bêst op dien, mar it wie úteinlik IKC Máxima út Ljouwert dy’t der mei de promopriis fan troch gie.


SjONG junior


SjONG junior is in inisjatyf fan Afûk, Keunstwurk, Cedin en Omrop Fryslân. It wurdt útfierd ûnder de paraplu fan Taalplan Frysk. Mear ynformaasje is te finen op www.sjong.frl.

Mear witte?