Moetingsjûn Teäter yn Broeksterwâld

Amateurkunst Theater Activiteit
Datum moandei 13 april 2026
Tijd 19:30 o/m 22:00
Locatie De Pipegeal yn Broeksterwald
Voor wie Toanielferieningen yn Noardeast Fryslân en Dantumadiel
Prijs Gratis

Foar toanielferieningen yn Noardeast Fryslân & Dantumadiel

Tidens dizze moetingsjûn komme ferskate bestjoeren fan toanielferienings ynTytsjerksteradiel & Achtkarspelen byinoar. Op dizze jûn wurde der ûnderfiningen en kânsen mei-inoar dield en dreame we tegearre oer de takomst. Want hoe op ‘e hichte binne jo fan de oare ferieningen yn de gemeente, en wat kinne jimme foarinoar betsjutte?

Wat sille we dwaan?

De moetingsjûn stiet folslein yn it ramt fan moetsjen en jo eigen netwurk fersterkje. Troch middel fan ynteraktive petearfoarmen út DWAAN, ûntwikkele troch Rozemarijn Strubbe en Anne Graswinckel, geane wy mei-inoar yn petear.
Fragen as: Wit ûs publyk de feriening goed te finen?”, Hoe stiet it mei ús ledetal?”, “Binne wy op’e hichte fan alle plakken dêr’t wy subsydzjes oan freegje kinne?” komme op dizze jûn foarby. Mei help fan dy petearfoarmen besykje wy efter jimme eigen ûntwikkelwinsk te kommen. 

Wêrom is it foar ús wichtich?

Troch yn petear te gean mei oare bestjoeren kinne jim jim eigen hoarizon ferbreedzje. Wy diele mei-inoar de mominten dêr’t wy grutsk op binne, mar ek de mominten dy’t wy graach ferjitte, of de eangsten dy’t wy hawwe foar de takomst en it behâld fan ús feriening.

Yn it koart:

  • Yn petear mei oare bestjoeren & de gemeente
  • Ynsjoch krije yn jim eigen feriening
  • Te witten komme hoe’t it regele is mei subsydzjes

Nei dizze jûn sille Jelke Rijpma & Gerwin de Vries (kultuerferbiners teäter fan Keunstwurk) teagearre mei jimme sjen nei in plan fan oanpak dy’t spesifyk rjochte is op jim feriening. Dat dogge sy troch in saneamd ‘keukentafelpetear’; op dy wize kinne sy jo advys jaan op maat. Dit ferfolch kinne jo mei harren ynplanne op de jûn sels.

Komme jimme ek?

Meld jo hjir oan. Dat kin oant en mei freed 3 april 2026

Praktische gegevens

Voor wie toanielferieningen yn Tytsjerksteradiel u0026 Achtkarspelen
Datum moandei 13 april 2026
Locatie De Pipegeal – Ds. Feitsmawei 1, 9108 NE Broeksterwald
Tijd 19:30 o/m 22:00
Petearlieders Jelke Rijpma u0026 Gerwin de Vries | kultuerferbiners teäter | Keunstwurk
Kosten Fergees; koffie/thee en in lytse borrel oan’e ein

Kontakt

Foar fragen nim kontakt op mei: