Netwurkgearkomste iepenloftspullen Fryslân | BACKSTAGE

Theater Activiteit
Datum Sneon 25 juny 2022
Tijd 14.00 - 23.00 oere (ynkl. foarstelling)
Locatie Gebou Irene, Jeen Hornstrawei 8, 8563 AJ Wikel
Voor wie Iepenloftspulbestjoeren yn Fryslân
Prijs Gratis

Wy, Keunstwurk en Iepen DoEk, nûgje jimme hjirby út foar de jierlikse netwurk-gearkomste ‘Iepenloftspullen BACKSTAGE’ by ús gasthear fan dit Iepenloftspuljier: Iepenloftspul Wijckel.

Op dizze dei binne we by elkoar om kennis te dielen, plannen te meitsjen, fragen te stellen, te ferbinen en út te wikseljen. Sa hâlde de Iepenloftspullen, Keunstwurk en Iepen DoEk konneksje, stimme we punten ôf en leare we fan elkoar. Grut en Lyts, foar it earst of foar de 20e kear, allegear by elkoar. Wy hoopje jimme dan ek allegear te sjen, want sa arbeidzje we mei elkoar op foar in sterke takomst fan it Fryske toaniel en benammen de Iepenloftspullen.

Wat
Dit jier sjogge we efter de skermen ‘BACKSTAGE’ by it Iepenloftspul fan Wikel. Wy ha, yn gearwurking mei harren in nijsgjirrich programma foar jimme gearstald. Fansels is der ek romte om punten yn te bringen, te netwurkjen en fragen te stellen.
Wy wolle jim dan ek freegje om foar de ‘algemiene gearkomste’ punten oan te leverjen (allegear minstens ien soene wy sizze) dy’st graach besprekke wolst, of wêr ’st tsjinoan rinst, tips yn hawwe wolst, of wêr we in sprekker foar útnûgje kinne.
De punten kinst oanjaan op it oanmeldformulier. Doch dat foaral.

Wêr
Elk jier is de netwurk-gearkomste by in oar Iepenloftspul. Dit jier is dat ‘nijkommer’ Iepenloftspul Wikel. Net hielendal nij, harren earste Iepenloftspul wie yn 1945. No 77 jier letter treffe wy jimme graach yn Wikel.
Takomme jier gastfrou / -hear wêze? Ek dat kinne jimme oanjaan op it oanmeldformulier!

NB
Njonken Wikel spylje der ek oare Iepenloftspullen op 25 juny.
Dy bestjoeren wolle wy freegje om te sjen oft jim in part fan it programma oanskowe kinne , middeis of jûns. Der yn elk gefal te wêzen op ien as oare manier, wy tinke dat it weardefol is om elkoar op te sykjen, te sparren en by inoar te wêzen.

It programma

  • 14.00 oere Ynrin en ûntfangst by Gebou Irene
  • 14.15 oere Oanfang ‘algemiene gearkomste’
    Presintaasje Wybo Smids oer Iepenloftspullen.nl
  • 15.00 oere Rjochting spyl-lokaasje
  • 15.15 oere Untfangst ‘Coehoornbos’ + wolkom en presintaasje ILS Wikel
  • 15.45 oere Sprekker 1
  • 16.15 oere Kofje / tee
  • 16.45 oere Sprekker 2 | Workshop
  • 17.45 oere Rjochting Gebou Irene + Diner (netwurkje)
  • 19.40 oere Rjochting ‘Coehoornbos’
  • 20.00 oere Foarstelling | Nei ôfrin borrel
  • 23.00 oere Ein

Mei elkoar meitsje we der in brûzjende Iepenloftspul-dei fan!

CONTACT

Romke Gabe