Finale SjONG junior

Educatie PO Evenement
Datum vrijdag 21 juni 2024

SjONG junior is in twajierliks Frysk sjongfestival foar basisskoallen. En dat net allinne… It is ien grut muzikaal avontuer foar groep (6,) 7 en/of 8!

Dat begjint mei it folgjen fan in online muzykles fan Raynaud. Krij tips en trúks oer koarsang en sjong mei de groep sa moai mooglik in Frysk of meartalich liet. Wolle jim fierder? Stjoer it einresultaat op en meitsje kâns op in finaleplakje. De finaleskoallen skriuwe mei de hiele klasse ûnder begelieding fan Raynaud en oare muzykprofessionals in eigen (skoal)liet. Dêrby wurde se folge troch de kamera’s fan Omrop Fryslân Tsjil. Ferfolgens skitterje se mei dat eigen liet yn de grutte finale-show yn De Lawei op 21 juny 2024. Kaarten foar de grutte finale yn De Lawei binne fia de dielnimmende skoallen te krijen foar € 5,- it stik.

SjONG junior wurdt organisearre troch Cedin, Afûk, Keunstwurk en Omrop Fryslân.

lesmateriaal   

Mear witte?