It nije seizoen is wer los en sa as alle jierren organisearret Keunstwurk in netwurkgearkomste wêrby’t iepenloftspullen dy’t dit jier spylje, net spylje of neitinke oer in iepenloftspul, byinoar komme.
De gasthearen/ -froulju fan dit jier binne de bestjoersleden fan iepenloftspul De Tynje. By harren sil dizze gearkomste plak fine op:
- Tongserdei 12 maart 2026
- 19:30 o/m 22:00 oere
- MFA De Tynje, sportcafé 1e verdieping, Breewei 6C, De Tynje
Op dizze jûn fertelle wy jimme oer wat Keunstwurk, de Provinsje Fryslân, Omrop Fryslân en Iepen DoEk foar jim betsjutte kinne. Fierder is der romte foar ynspraak en fragen, om mei-inoar it netwurk te fersterkjen.
Der is kofje, tee en in buorrel oanwêzich.
Opjaan
Komst ek? Jou dy dan hjir op foar 3 maart 2026.
! Goed om te witten!
Regeling Iepenloftspullen fan de Provinsje Fryslân
Lykas alle jierren stelt de provinsje in aparte regeling foar de iepenloftspullen beskikber.
De regeling iepent op 2 febrewaris om 9 oere
It oanfraachformulier beskikber op Iepenloftspullen | Fryslan
Dizze slút op 2 april!
It maksimale wat elk iepenloft oanfreegje kin is € 10.000,-
Praktische gegevens
Lês hjir wat Keunstwurk docht op it mêd van iepenloftspullen
Kontakt