Janneke Bergsma rikt Fedde en Martha Bergsma Priis út oan Bouke Oldenhof. De priisútrikking sil plakfine op tongersdei 2 novimber 2017. Oan de priis is in jildbedrach ferbûn fan € 1000,-.
Tiid: 19.00 oere (ynrin fan 18.30 oere ôf)
Plak: Provinsjehûs, Twabaksmerke 52, Ljouwert
Fedde & Martha Bergsma Priis
Ien kear yn de trije jier wurdt de Fedde & Martha Bergsma Priis takend oan de skriuwer fan de bêste, oarspronklik Fryske toanieltekst fan dy perioade. Dizze literêre priis is yn 1993 ynsteld troch in man dy’t in de oarloch ûnderdûkt west hat by de famylje Bergsma út Bears. De Bergsma’s wienen altiten warber mei toaniel en stienen oan de widze fan toanielploech Tryater. Yn oanmerking komme allinich oarspronklik Frysktalige toanielstikken dy’t skreaun binne yn dy perioade. Of it stik al of net opfierd of publisearre is, is net fan belang. Net allinnich de skriuwers, ek ‘tredden’ kinne it wurk fan in toanielskriuwer ynstjoere. It wurk sil troch in sjuery fan saakkundigen beoardield wurde.