10 oktober 2024

Ynskriuwing Fedde & Martha Bergsma Priis 2025 iepene 

Theater Nieuws

foto: sjueryleden Gerrit Hoekstra, Tamara Schoppert en Freark Smink

Stjoer dyn Fryske toanieltekst yn foar de Fedde & Martha Bergsma Priis 2025 


Bist in toanielskriuwer mei in orizjinele Fryske tekst dy’t tusken jannewaris 2021 en 31 desimber 2024 skreaun is? Dan makkest kâns op de Fedde & Martha Bergsma Priis 2025! Dizze literatuerpriis, dy’t ien kear yn de trije jier útrikt wurdt, beleannet de bêste Fryske toanieltekst mei in jildbedrach fan €1000. 

Oer de priis 

De Fedde & Martha Bergsma Priis waard yn 1992 ynsteld ta neitins oan Fedde en Martha Bergsma, in echtpear dat in grutte rol spile yn ‘e Fryske toanielwrâld. De priis waard mooglik makke troch Ari van Tienhoven, dy’t yn de Twadde Wrâldkriich ûnderdûkt siet by de famylje Bergsma. De priis hat in wichtich plak ferwurven yn it befoarderjen fan Fryske toanielteksten. 

Betinksten foar dielname: 

  • De tekst moat skreaun wêze yn it Frysk en yn ‘e perioade fan jannewaris 2021 oant en mei 31 desimber 2024.  
  • It stik hoecht net opfierd of publisearre te wêzen. 
  • Ek oaren meie in tekst ynstjoere út namme fan de toanielskriuwer.
  • Ynstjoerings wurde beoardiele troch in sjuery fan saakkundigen, besteande út Gerrit Hoekstra, Tamara Schoppert en Freark Smink (winner edysje 2021). 

Priisútrikking

De winner krijt in jildbedrach fan €1000; de priis wurdt útrikt op 28 maart 2025. 

Hoe kin ik meidwaan? 

Do kinst dyn toanieltekst oant en mei 31 desimber 2024 digitaal ynstjoere. 

Direkt oanmelde? Folje it formulier hjirûnder yn en stjoer dyn tekst op! 

Partner provinsje Fryslân