Feitsma Fûns

Fine jo ek dat it Frysk de muoite wurdich is en ha jo ideëen of projekten, dy’t in bydrage leverje kinne oan it brûken fan it Frysk? Dan kinne jo by it Feitsmafûns oanklopje om stipe. It fûns is benammen bedoeld foar dy projekten dy’t net ûnder de reguliere subsydzje-regelingen falle.

It doel fan de stifting is it befoarderjen fan it mûnling en skriftlik gebrûk fan it Frysk. Dit doel wolle wy berikke troch it jaan fan stipe oan aktiviteiten dy’t in bydrage leverje kinne oan:

  • It befoarderjen fan in goede Fryske stavering.
  • It fersterkjen fan de ynfrastruktuer fan it Frysk, foar safier oare ynstellings as organisaasjes dêr net op in befredigjende wize yn fersjogge.
  • It ferskinen fan wittenskiplike en literêre publikaasjes yn it Frysk dy’t oars net sa maklik in kâns krije.
  • It op oare wize befoarderjen fan it doel fan de stifting.

Ferlienen fan subsydzje
It doel fan de stifting wurdt neistribbe troch it yn begjinsel ienris ferlienen fan subsydzje oan projekten dy’t earne oars gjin of mar foar in part kâns op subsydzje meitsje en troch it ferlienen fan ‘startsubsydzjes’ yn dy sin dat it Feitsmafûns projekten dy’t har geregeldwei herhelje wolle de kâns jaan wol in begjin te meitsjen en sa bekendheid te krijen, yn de hoop en ferwachting dat reguliere ynstânsjes dizze subsidiearing op in strukturele basis oernimme.
Yn prinsipe sil it gean om lytsskalige inisjativen. Mar it dielnimmen mei oare subsydzjejouwers yn (gruttere) projekten is in opsje, benammen as dêrmei it doel fan it brûken fan it Frysk ‘breed’ tsjinne wurdt.

It subsydzjebelied sil ek de kommende trije jier wer rjochte wêze op de ferskillende manieren fan it gebrûk fan de taal: romans, dichtbundels en lietteksten, oersettingen hjirfan yn of út it Frysk, toanielfoarstellingen, sangpresintaasjes en oare, mear praktyske foarmen, dêr’t it Frysk by brûkt wurdt. Dêrby wurde de hjirfoar opstelde subsydzjekriteria hantearre.

Bisûnder omtinken sil der wêze foar de neikommende mêden:

  • Jongerein
  • Underwiis (meartalichheid)
  • Ferbining tusken generaasjes
  • ‘Mienskip’ (libbensfetberheid fan Frysktalige doarpen, inisjativen fan ûnderop)

Dêrneist sil de stifting (ek wittenskiplike) útjeften finansierje of finansjeel stypje; yn it algemien útjeften dy’t de Fryske taal befoarderje en yn it bisûnder útjeften dy’t it libben en it belang van Tony Feitsma foar de Fryske taal en saak beskriuwe.

Adres Jan Lievensstraat 32, 8932 BD Ljouwert
E-mailadres info@feitsmafuns.nl