De Nije Moanne

Educatie PO VO


Wat makket foar dy it ferskil? Dat is it tema fan de twadde edysje fan de Nije Moanne, dy’t freed 17 novimber oerlange is oan de bern fan groep 6A fan de Ljouwerter Maximaskoalle, yn it Natuurmuseum Fryslân. De Nije Moanne is spesjaal foar alle bern yn Fryslân fan 8 oant en mei 108 jier makke yn gearwurking mei Keunstwurk. It is in prikeljend tydskrift oer keunst, kultuer en taal yn Fryslân.

De Nije Moanne kin mei de byhearrende lesbrief ek brûkt wurde as lesmateriaal yn de groepen 6 oant en mei 8 fan de basisskoalle en klas 1 fan it fuortset ûnderwiis, by de fakken Frysk, Nederlânsk, keunstfakken en wrâldoriintaasje. De meiwurkers fan Keunstwurk nimme de Nije Moanne mei nei de skoallen en kinst de Nije Moanne ek bestelle.

It Natuurmuseum is net tafallich keazen als lokaasje foar de presintaasje, it museum spilet in rol yn it tydskrift mei in moaie aktivearjende opdracht mei yllustraasjes fan Vera Damhuis.

It ferskil

Dizze edysje is in tydskrift wurden dat op it mêd fan ynhâld, foarmjouwing en ferdjipping fergelykber is mei de reguliere de Moanne. De nije Moanne nimt bern serieus as lêzer en as ferkenner fan de omjouwing. De Moanne wol tegearre mei de bern ûnbefongen yn de wrâld fan keunst en kultuer stappe. Wat makket foar dy it ferskil? Is der ferskil? Wat is it ferskil?

Dizze fragen wurde ferkend en ûndersocht mei strips, gedichten, ferhalen, opdrachten en ynterviews. De ynhâld fan it tydskrift is betocht troch haadredakteur Amarins Geveke en einredakteur Tialda Hoogeveen, foar de gelegenheid útwreide mei de kreative redaksjeleden Anne Graswinckel en Kate Schlingemann.

Stipe

De nije Moanne is mei mooglik makke troch Keunstwurk. De nije Moanne ferskynt ien kear yn it jier.

foto: Jacob van Essen

Mear witte?