De Nije Moanne

Educatie PO VO

Yn 2022 makken we mei de redaksje fan algemien-kultureel opinyblêd De Moanne in spesjale Nije Moanne, foar bern! In prikeljend tydskrift foar bern fan 8 oant 108, oer keunst en kultuer en taal yn Fryslân. De earste eksimplaren fan de Nije Moanne binne oerlange oan de bern op skoalle De Toverbal yn Sint Anne, in skoalle foar NT2-ûnderwiis. In logyske kar, want Martsje de Jong ynterviewde fjouwer bern fan dizze skoalle oer it ûnderwerp ’thús’.

De nije Moanne en de byhearrende lesbrief binne makke as lesmateriaal foar de groepen 6 oant en mei 8 fan de basisskoalle en klas 1 fan it fuortset ûnderwiis, by de fakken Frysk, Nederlânsk, keunstfakken en wrâldoriintaasje.

It is in tydskrift wurden dat op it mêd fan ynhâld, foarmjouwing en ferdjipping fergelykber is mei de reguliere Moanne. De nije Moanne wol bern bewust serieus nimme as lêzer en as ferkenner fan syn of har omjouwing. We wolle tegearre mei de bern de wrâld fan keunst en kultuer ûnbefongen temjitte trêde. Wat sjogge sy? Wat sjogge wy?

Yn de earste edysje wie neist petearen mei de bern út Sint Anne, ek omtinken oan Dolf Verroen, Yke Reeder en Lida Dijkstra, en in hiel soad oar talint út Fryslân.

It idee foar in de Moanne foar bern kaam fan Anne Graswinckel, projektlieder ynnovaasje by Keunstwurk, en is mei iepen earms ûntfongen troch de redaksje fan de Moanne. Mei in spesjaal foar de gelegenheid gearstalde redaksje, besteande út Inge Hekman (Fries Museum), Kate Schlingemann (dichter en yllustrator), Amarins Geveke en Tialda Hoogeveen (einredakteur de Moanne) en Anne Graswinckel, is mei in soad enerzjy en kreativiteit de nije Moanne makke.

De Nije Moanne fan 2022 is spitigernôch op, mar der komt in nije Nije Moanne yn oktober 2023!
Ynkoarten fynst hjir mear ynformaasje oer it bestellen.

foto: Jacob van Essen