Wy hawwe grut nijs! Mei grutskens litte wy jimme witte dat de Stifting Utjouwerij Frysk Toaniel, ek wol St.U.F.T., ferhúzje sil nei Keunstwurk!
Keunstwurk en St.U.F.T. ferienigje harren krêften en sille tegearre wurkje oan in mienskiplik doel: it stypjen en stimulearjen fan it Frysk amateurtoaniel. Beide organisaasjes diele net allinnich in fyzje en doelen, mar it stribjen nei effisjinsje en ferbining is ek fan grut belang.
De foarried fan St.U.F.T. leit op it stuit ferspraat oer meardere lokaasjes, en troch alles te ferpleatsen nei ien lokaasje kinne wy jimme oanfragen yn ’e takomst effisjinter ferwurkje. En dat net allinnich, Keunstwurk krijt der ek in moaie lêshoeke by. Dat betsjut dat jimme rêstich tegearre – of allinnich – de beskikbere Fryske toanielstikken lêze kinne en sa in stik kieze kinne foar de folgjende foarstelling fan jimme feriening.
Dizze feroaring fynt benammen efter de skermen plak, mar it is fansels wol in feroaring dêr’t wy jimme graach oer op ’e hichte hâlde wolle. Jimme hearre meikoarten mear oer it tiidpaad fan dizze ferhuzing en wannear’t wy jimme wolkom hjitte kinne yn de nije Keunstwurk-St.U.F.T. lêshoeke.
UPDATE
Juli 2024
De ferhuzing fan St.U.F.T. nei Keunstwurk is in feit!
Der binne 161 doazen Fryske toanielstikken ferhuze en de kommende weken stean yn it teken fan it oersichtlik meitsjen fan dizze foarried. Dan kinne we jim straks op effisjinte wize de oanfraach ferwurkje en jim foarsjen fan de leukste Fryske toanielstikken!
UPDATE
September 2024
St.U.F.T. is ferhûze!
Keunstwurk hat fan no oan mear as 600 Fryske toanielstikken yn behear. 19 Septimber is de lêste dei fan de ferhûzing, dernei binne de sichtboekjes te plak. Dat bestjuttet dast fan ôf 20 septimber op lokaasje dêl komme kinst en foar dyn toanielferieniging in Frysk toanielstik útsykje kinst.
Komst meikoarten dêl foar in bakje yn de Stuft biblioteek by Keunstwurk?
Fragen oer de ferhuzing?
Foar Keunstwurk
Emma van Schuppen
Foar St.U.F.T.
Gerda van der Wijk
Het St.U.F.T. loket is van 14 t/m 25 november gesloten. Hierna worden de bestellingen weer opgepakt.