Pyt van der Zeepriis & Fedde & Martha Bergsmapriis
Stifting Kom Mar Op! is de lokkige winner fan de Pyt van der Zeepriis 2025. Hja krije de priis foar harren bûtengewoane bydrage oan it Fryske amateurtoaniel. En de Fedde & Martha Bergsmapriis 2025 is wûn troch Wessel de Vries. Hy hat dizze literatuerpriis foar de bêste, oarspronklik Fryske toanieltekst krigen foar syn stik ‘Thúsblaze’. Fannemiddei, freed 28 maart, wie de feestlike útrikking fan de twa prizen yn Stadsschouwburg De Harmonie yn Ljouwert.
Pyt van der Zeepriis
‘Kom Mar Op! hellet it maksimale út harsels‘
Stifting Kom Mar Op! út Suwâld bestiet 24 jier en hat de ôfrûne jierren in enoarme ûntwikkeling trochmakke. Sûnt 6 jier hat it in jongereintoaniel-ôfdieling wêr Grytha Visser de fêste regisseur fan is. It selskip hat neist in bestjoer en regisseur, meiwurkers foar alle dissiplines en erfaren en nije spilers yn alle leeftiden. Sy hawwe ynvestearre yn opliedings, ljocht en lûd en dat hat fertuten dien. ‘Kom mar op! hellet it maksimale út harsels’ sa seit de sjuery. Yn dizze toanielklup komt alles byinoar wat de sjuery fan de Pyt van der Zee priis wichtich fynt: kwaliteit, lef, sosjale koheezje, taal, impact en artistike kwaliteit. En dêrmei winne sy de Pyt van der Zeepriis 2025. Deputearre fan de provinsje Fryslân Eke Folkerts hat de priis, in check fan 4.000 euro, útrikt oan Stifting Kom Mar Op!
De sjueryleden fan de Fedde en Martha Bergsmapriis 2025 wiene Tamara Schoppert, Gerrit Hoekstra en Freark Smink. Lês hjir harren sjueryrapport / juryrapport
Oer de Pyt van der Zeepriis
De Pyt van der Zeepriis is in provinsjale priis foar it brede Fryske toaniel dy’t ek ien kear yn de trije jier útrikt wurdt. De provinsje Fryslân rikt de Pyt van der Zeepriis út oan in persoan, groep of organisaasjes dy’t fan bûtengewoane betsjutting foar it toaniel yn Fryslân west hat. Ûnder oare dekôrûntwerpers, regisseurs, oersetters, skriuwers en ferienings komme foar de priis yn ‘e beneaming. Winners fan de trije lêste edysjes binne Wybo Smids, Berne Iepenloftspul (BIS) Easterwierrum en Bouke Oldenhof. Mear ynformaasje oer de priis
Fedde & Martha Bergsmapriis
‘Thúsblaze’ is foarmjûn yn nijsgjirrich, direkt húskeamerteater
Toanielskriuwer en filmsenarist Wessel de Vries (Ljouwert, 1994) studearre skiednis oan de Universiteit fan Amsterdam en Writing for Performance oan de Hogeschool voor de Kunsten yn Utrecht. As toanielskriuwer wurket er in yn Fryslân ûnder oare foar Tryater, Meeuw Jonge Theatermakers en Skoft & Skiep en bûten de provinsje foar KASKO/ Kameroperahuis en Theater Sonnevanck. Syn stik Thúsblaze wie ien fan de trije nominearre stikken fan de Fedde & Martha Bergsmapriis 2025. De twa oare stikken wiene ‘Paspoart‘ fan Tsjerk Bottema en ‘In saak fan libben en dea‘ fan Broer Jorritsma.
Tryater hat Thúsblaze ferline jier op de planken brocht. It stik giet oer in fjouwertal op harsels steande mar tagelyk gearhingjende toanielportretten fan gewoane minsken dy’t ferbûn wurde troch har passy foar de muzyk. Spylje yn it korps fan doarp of krite: foar harren it ultime gefoel fan mienskip. De sjuery fynt it stik ôfwikseljend, werkenber en taalgeef, foarmjûn yn nijsgjirrich, direkt húskeamerteater. En hjirmei hat Wessel de Vries it winnende stik skreaun foar de Fedde en Marthapriis 2025. De priis bestiet neist in oarkonde út in jildbedrach fan 2500 euro. Janneke Bergsma, de dochter fan Fedde en Martha, hat fannemidei de priis útrikt. Om’t Wessel yn it bûtenlân sit, wie hy oanwêzich fia in live ferbining. Brecht Wassenaar dy’t yn Thúsblaze de rol fan Carmen fertolke, hat de priis foar him yn ûntfangst naam.
De sjueryleden fan de Fedde & Martha Bergsmapriis 2025 wiene Tamara Schoppert, Gerrit Hoekstra en Freark Smink. Lês hjir harren sjueryrapport
Oer de Fedde & Martha Bergsmapriis
Ien kear yn de trije jier wurdt de Fedde & Martha Bergsmapriis takend oan de skriuwer fan de bêste, oarspronklik Fryske toanieltekst fan dy perioade. Of it stik al of net opfierd of publisearre is, is net fan belang. Foargeande winners fan de priis binne ûnder oaren Romke Toering (2003), Rients Gratema (2013), Bouke Oldenhof (2008 en 2017) en Freark Smink (2021). Mear ynformaasje oer de priis
Utrikking yn opdracht fan de provinsje útfierd troch Keunstwurk en oerlis mei advys Iepen Doek
Kontakt
