05 maart 2025

Kom Mar Op! winner fan de Pyt v/d Zeepriis 2025

Amateurkunst Theater Nieuws

Stifting Kom Mar Op! út Suwâld is de winner fan de Pyt van der Zeepriis 2025. Deputearre fan de provinsje Fryslân Eke Folkerts sil op freedtemiddei 28 maart de priis oan harren útrikke. Dit feestlik barren fynt plak yn Schouwburg De Harmonie yn Ljouwert wêr dan ek de Fedde & Martha Bergsmapriis, de priis foar de bêste Fryske toanieltekst, útrikt wurde sil.

De Pyt van der Zeepriis is in provinsjale priis foar it brede Fryske toaniel dy’t ek ien kear yn de trije jier útrikt wurdt. De provinsje Fryslân rikt de Pyt van der Zeepriis út oan in persoan, groep of organisaasjes dy’t fan bûtengewoane betsjutting foar it toaniel yn Fryslân west hat. Ûnder oare dekôrûntwerpers, regisseurs, oersetters, skriuwers en ferienings komme foar de priis yn ‘e beneaming. De priis bestiet út in bedrach fan € 4.000. Wybo Smids wie de winner fan de foarige edysje.

De priis is ferneamd nei de toanielregisseur Pieter Johannes Cornelis van der Zee (1915 – 1998). Pyt van der Zee wie net allinne regisseur. Hy joech les oer toaniel en makke oersettings. Ek wie hy de earste artistyk lieder fan it Fryske teäterselskip Tryater. Lês mear oer de priis

De sjueryleden fan de Pyt vd Zeepriis 2025 binne Titia Huisman, Wybo Smids en Luuk Eisema.

Sjoch it agindaberjocht útrikking teaterprizen