05 maart 2025

Nominearren Fedde & Martha Bergsmapriis 2025 bekend

Amateurkunst Theater Nieuws

De sjuery fan de Fedde & Martha Bergsmapriis 2025 hat de neikommende persoanen norminearre foar de priis:

Tsjerk Bottema, mei it stik: Paspoart
Broer Jorritsma, mei it stik: In saak fan libben en dea
Wessel de Vries, mei it stik: Thúsblaze

De Fedde & Martha Bergsmapriis is in literatuerpriis, dy’t ien kear yn de trije jier útrikt wurdt. De priis beleannet de bêste Fryske toanieltekst mei in jildbedrach fan €2.500. Yn oanmerking komme allinich oarspronklik Frysktalige toanielstikken dy’t skreaun binne yn dy perioade. Of it stik al of net opfierd of publisearre is, is net fan belang.

De priis hat in wichtich plak ferwurven yn it befoarderjen fan Fryske toanielteksten.

Op freedtemiddei 28 maart sil de priis troch Janneke Bergsma, de dochter fan Fedde en Martha, útrikt wurde. Sjoch it agindaberjocht.

De sjueryleden fan de Fedde en Martha Bergsmapriis 2025 binne: Tamara Schoppert, Gerrit Hoekstra en Freark Smink.

Utrikking yn opdracht fan de provinsje útfierd troch Keunstwurk en oerlis mei advys Iepen Doek