Yn novimber is FeRstival der wer. Dizze Fryske foardrachtwedstriid foar middelbere skoallen, organisearre troch Cedin, is der dit jier foar de 80ste kear! Dichters Arjan Hut en Sigrid Kingma en âld-dielnimmer en aktrise Brecht Wassenaar hawwe yn de tarieding workshops op skoallen jûn. Dy workshops waarden oanbean mei it projekt Keunstryk, dêr’t Keunstwurk partner yn is.
Dichter Arjen Hut fertelt:
“2 oktober ha ik nei Burgum west. It wiene lessen fan 45 minuten en ik ha nei foarbyld fan Sigrid in ynteraktive les dien, is soarte fan Speed-FeRstival. De bern yn groepkes fan 4, 5 ferdield, se ha in gedicht út de holle leard. Ien droech foar, ien wie souffleur en de oaren moasten goed tips jaan by it oefenjen. Guon coachten de oaren hiel moai It gong knap, en der binne yn alle gefallen fiif kandidaten foar it FeRstival. De dielnimmers komme allegear út in klasse dy’t mei de dosint alris mei it FeRstival dwaande west hienen en dy’t ek it boekje al hiene. Nei ôfrin wie ik flink leech, respekt foar de dosinten dy’t alle dagen foar de klasse stean!”
Wat is FeRstival?
By FeRstival drage learlingen sa moai mooglik in Frysk gedicht foar. Alle jierren dogge der sa’n 90 learlingen út it fuortset ûnderwiis mei. Artysten as Rients Gratama, Nynke Laverman en Theun Plantinga hawwe allegearre harren earste stappen op it poadium set by FeRstival.
De foarrondes binne dit jier op:
- freedtemiddei 3 novimber yn De Stolp, Smidsstraat 6 Snits (13.30 oere)
- freedtemiddei 10 novimber yn Iduna, Oliemolenstraat 16 Drachten (13.30 oere)
- moandeitemiddei 13 novimber yn de Stadskas fan Explore the North, Oldehoofsterkerkhof, Ljouwert (13.30 oere)
De finale is op:
- sneon 9 desimber yn it Posthuis Theater op It Hearrenfean (13.30 oere)
Mear ynformaasje
Sjoch op https://www.ferstival.frl/
FeRstival wurdt organisearre troch Cedin yn it ramt fan Taalplan Frysk 2030.