Yn de Fryske les op Carmel Lyceum Hurdegaryp wiene de fjirdeklassers fan dosint Meindert Reitsma de ôfrûne wiken dwaande mei folksferhalen. Yn it ramt fan it Keunstryk-projekt krigen se earst in master-klasse fan ferhaleferteller Douwe Kootstra, dy’t tal fan folksferhalen fertelde. Yn de lessen dêrnei keazen se ien fan de fertelde ferhalen út om dy op har eigen wize te ferwurkjen yn in strip, ûnder begelieding fan Skelte Braaksma.
Keunstryk
Yn in Keunstryk giet it derom dat de taalbelibbing fergrutte wurdt troch de keunst, troch de ferbylding. It spruts de learlingen wakker oan: ‘Efkes wat in kear wat oars’ en ‘Leuk om dy ferhalen te hearren en dêr dan dyn eigen draai oan te jaan’.
Eintermen
‘Ferskate feardichheden en kennisdomeinen komme byinoar en sa ûntstiet weardefol ûnderwiis’, is dosint Meindert te sprekken oer it projekt. ‘Ik woe graach meidwaan om op in oare wize nei it fak te sjen en de learlingen ‘oan te setten’. En fansels giet it net allinnich oer de taal, mar mei it tema folksferhalen giet it ek oer ús erfguod, ús omjouwing. Ek in wichtich part fan de nije Fryske eintermen. Soks is moai meinommen, no?’
Jo kinne hjir mear lêze oer Keunstryk.
Meer weten over Keunstryk?