10 april 2024

Subsydzjeregeling Frysk foar no en letter wer iepen op 9 april

Educatie PO VO MBO HBO Nieuws

Alle skoallen yn Fryslân kinne fan 9 april ôf wer in subsydzje oanfreegje foar de regeling Frysk foar no en letter by Taalplan Frysk 2030 fan de provinsje Fryslân. Der is subsydzje beskikber foar (nei)skoalling fan learkrêften en it oanskaffen fan ekstra lesmateriaal, foar kulturele aktiviteiten en ekstra ynset fan learkrêften en meiwurkers.

Keunstwurk docht ek mei oan Taalplan Frysk 2030. Wy biede û.o. Keunstryk oan: de ideale kombinaasje fan taalûnderwiis en keunstûnderwiis. Ek Keunstryk kinst finansierje mei de oanfrege subsydzje. Mear witte? Lês hjir mear of freegje dyn kultuerferbiner edukaasje!

Mear witte?